CNV: Sluting Kadaster ûnferwacht

08 feb 2005 - 21:46

It fakbûn CNV is bot skrokken fan de reorganisaasjeplannen fan it Kadaster. De festiging yn Ljouwert giet oer trije jier ticht. De meiwurkers wurde oerpleatst nei Grins. Ek trije oare kantoaren yn Nederlân geane ticht.

De fakbûnen wiene wol mei de direksje fan it Kadaster yn oerlis oer de takomst, mar dat de plannen al safier wiene, wie net bekend. It CNV wol sa mooglik mei it bedriuw om de tafel om fierder te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)