Jongerenkrante yn Dantumadiel

08 feb 2005 - 17:25

It jongereinynspeksjeteam fan de gemeente Datumadiel komt mei in eigen jongerenkrante. Dêryn steane ferhalen oer saken dy't de jeugd yn Dantumadiel dwaande hâlde, bygelyks al of net in coffeeshop yn Damwâld.

Dêrneist moat de krante de kleau tusken de jongerein en de folkwoeksenen tichtsje. Dy is ûntstien nei de oerlêst fan jongerein fan de ofrûne tiid. De krante, dy't hûs oan hûs ferspraat wurdt, ferskynt in pear kear yn't jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)