Nije gids oer pleatsen

08 feb 2005 - 16:55

De stifting Staten en Saten wol in gids útjaan foar de leafhawwers fan pleatsen. Doel is om it publyk yn de kunde komme te litten mei it agrarysk erfguod yn Fryslân.

Yn it boek binne tema's werom te finen as de tiid fan de terpen, it boerehiem en de ferskate foarmen fan pleatsen. It is ek de bedoeling dat eigners fan pleatsen wat oan de gids ha. Sij moatte der bygelyks yn fine kinne wat se wol en net feroarje kinne oan har hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)