Goedkeap op kursus op Skier

© Omrop Fryslân
Bewenners fan Skiermûntseach kinne dit jier foardelich kursussen folgje op it eilân. De gemeente hat der jild beskikber foar steld, sadat minsken sels mar in lyts bytsje hoege te beteljen. De kommende wiken sil besjoen wurde fan hokker kursussen der ferlet is.
It giet om basiskursussen yn bygelyks it Frâns, Dúts en Ingelsk, mar je kinne je ek opjaan foar kompjûterles of geheugentraining.