15.000 euro tipjild yn moardsaak

08 feb 2005 - 15:32

Justysje hat 15.000 euro tipjild útloofd yn de saak fan de ombrochte Ljouwerter kroechbaas. Dat waard moandei bekend makke yn Opsporing Verzocht. It slachtoffer waard trije wiken lyn deastutsen yn syn kafee.

De plysje siket om in âldere man, dy't mooglik wat sjoen hat. It giet nei alle gedachten om in swalker. Op tv wie ek in mûtse mei ynbaarnde gatten te sjen. De plysje freget minsken dy't de mûts werkenne om har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)