Hiel Ryptsjerk nei Hessel

© Omrop Fryslân
Hast it hiele doarp Ryptsjerk sil op 19 maart nei it konsert fan Hessel yn Thialf yn Hearrenfean. De ynwenners wurde fergees ferfierd troch Jan Hofstra Reizen. De opbringst fan it konsert fan de Skylger trûbadoer Hessel is bestimd foar ûndersyk nei de sykte fan in doarspgenoat; de seisjierrige Hessel Tros út Ryptsjerk.
Troch in seldsume sykte ferkalkje syn hersens stadichoan. Yntusken is mear as de helte fan de konsertkaarten ferkocht.