Foljebalster De Haas hâldt op

08 feb 2005 - 09:55

Foljebalster Irma de Haas (28) út Snits hâldt op mei foljebal op topnivo. De Haas makket it rinnende seizoen by VC Snits ôf, mar is dêrnei net mear beskikber. Snits wol takommend jier profesjoneler wurkje en mear traine.

Foar De Haas is de topsport dan net mear te kombinearjen mei de húshâlding. De Haas hat ek yn de Nederlânske frouljusploech spile. De Haas hie sneon in wichtich oandiel yn de oerwinning op Volco.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)