Van Gennip yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Fryslân moat foar de ekonomyske groei ynsette op toerisme, wettertechnology en enerzjy. Dat sei steatssektaris fan ekonomyske saken Karien van Gennip moandei by har wurkbesite oan de provinsje.
Se hat trije bedriuwen besocht: Huhtamaki yn Frjentsjer, Vitens yn Ljouwert en de werf Heeg yn it plak mei deselde namme. Van Gennip hat dizze bedriuwen besocht om't dy bot dwaande binne mei ynnovaasje.