Harns lilk op COA

07 feb 2005 - 23:26

De gemeente Harns tsjinnet mooglik in skeaklaim yn tsjin it COA, it sintraal opfangorgaan asylsikers. It azc yn Harns giet nammentlik earder ticht as ôfpraat. Dat hat foar de gemeente nochal wat gefolgen.

Harns wol no mei it COA om tafel om te praten oer dy konsekwinsjes. Sa hat de gemeente koartlyn noch inkelde tonnen ynvesteard yn de ynternasjonale skeakelklasse. Dat wie net dien as Harns witten hie fan de sluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)