Museumdirekteur op non-aktyf set

© Omrop Fryslân
Direkteur Gerard_Tombroek fan it Nasjonaal Modelspoor Museum yn Snits is mei direkte yngong op non-aktyf set. It bestjoer fan it museum en Tombroek wiene it net iens oer it te fieren belied.
Bestjoersfoarsitter Max_Kooijmans is oansteld as tydlik direkteur. Hy krijt help fan trije frijwilligers. It bestjoer fan it Nasjonaal Modelspoor Musem hopet sa de kontinuiteit fan it museum feilich te stellen.