PvdA-leden stimme oer lieder

© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Lutz Jacobi fan Wergea hat har ferkiezingskampanje der op sitten. Se is ien fan de fiif kandidaten foar it partijliederskip fan de PvdA. Mei de oare kandidaten fierde se de ôfrûne wiken debatten oer ferskate tema's, ien dêrfan wie yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De PvdA-leden hiene woansdei oant 12.00 oere de kâns har stim út te bringen op har favorite partijlieder. Freed wurdt dan bekend wa't it wûn hat.