Foljebal: Snits wint fan Volco

07 feb 2005 - 10:38

De foljebalfroulju fan Snits behellen sneontejûn yn de earedivyzje in wichtige 3-0 oerwinning op Volco út Ommen. De setstannen wiene 25-23, 25-23 en 25-19. Snits begûn elke set matich, mar troch moaie oanfallen, smashes en hurd wurkjen waard de oerwinning binnensleept. Irma de Haas sleepte de ploech yn de tredde set nei de sege.

Troch dizze oerwinning bliuwt it achtste plak om de play-outs te ûntrinnen yn it sicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)