Wieteke Cramer alfde op WK

07 feb 2005 - 09:06

Wieteke Cramer is snein einige as alfde yn it einklassemint fan it WK yn Moskou. Op de 5000 meter waard se alfde yn in tiid fan 7.21,72. De Dútske Anni Friesinger wûn dit wykein alle ôfstannen en waard dêrmei wrâldkampioene.

Cindy Klassen waard twadde yn it einklassemint en Claudia Pechstein tredde. Titelferdigenster Renate Groenewold waard dit wykein sande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)