Nij lesprojekt tsjin fandalisme

06 feb 2005 - 17:26

Skoallen yn Smellingerlân krije in nij lespakket oer antifandalisme. It is bedoeld om bern mear te belûken by har direkte wenomjouwing. It idee derachter is dat bern minder gau wat ferniele sille at se in goeie bining ha mei har omjouwing.

Skoallen yn Smellingerlân wurkje al in jier as fiif mei projekten oer fandalisme. Dy binne spesjaal ôfstemd op de buerten dêr't de skoallen steane. De plysje wurket der ek oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)