Wieteke Cramer 18e op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer stiet nei de 1500 meter op it WK Allround yn Moskou op it 9e plak yn it tuskenklassemint. Kramer waard 18e op de 1500 meter mei in tiid fan 2 minuten 2 sekonden en 5 hûndertse. De Dútse Ani Friesinger wûn de 1500 meter mei in tiid fan 1.57,35. Ireen Wüst waard twadde mei 1.58,17.
Ani Friesinger stiet earste yn it klassemint, Cindy Klassen (Kanada) is twadde, de Dútse Anschütz tredde.