Noardwâlde wint FK EHBO

© Omrop Fryslân
It EHBO-team fan Noardwâlde hat sneon de Fryske kampioenskippen EHBO wûn. Yn maaie docht it team mei oan de Nederlânske Kampioenskippen yn Súd- Hollân.
30 Fryske EHBO'ers diene sneon mei oan it FK. De kampioenskippen binne bedoeld as promoasje foar de EHBO, mar mei in totaal fan 9000 EHBO'ers is der in lege opkomst. Moarns wiene der workshops en middeis waard de praktykûnderfining fan de EHBO'ers op proef steld.