Jeroen de Vries wint Weissensee

06 feb 2005 - 13:26

Jeroen de Vries fan Sint Nyk hat de alternative alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk wûn. Hy die 5.26,09 oere oer de 200 kilometer. Twadde waard Miel Rozendaal, tredde de Frânsman Tristan Loy. By de froulju wûn Petra Grimbergen foar de fjirde kear.

Jeroen de Vries is de opfolger fan Henk Angenent dy't yn 2004 de sterkste op it Eastenrykse natueriis wie. Peter de Vries fan It Hearenfean waard 5e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)