Fjouwer fruitdieven oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat op de Korfmakerstraat yn Ljouwert sneon fjouwer manlju oppakt foar stellerij. Se hiene moarnsbetiid fruit stellen fan in merkkeapman. De plysje koe de manlju letter oanhâlde. De merkkeapman woe gjin oanjefte dwaan fan de stellerij.
Trije oare manlju ha freedtejûn yn de Speelmanstraat yn Ljouwert in 29-jierrige Ljouwerter oerfallen. Hy is berôve fan syn beurs, rydbewiis en mobile tillefoan.