Nep-Rembrandts op it Bildt

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bildt siket professionele keunstners en amateurs dy't wurken fan Rembrandt neiskilderje wolle of hawwe. De ôfbyldingen komme op in pear unike lokaasjes te hingjen.
Reden foar de eksposysje is dat it Bildt dit jier 500 jier bestiet en dat Rembrandt in bân mei de gemeente hat. Hy is ea yn Sint Anne troud. De tentoanstelling wurdt organisearre troch in keunstnerskollektyf.