Boot Holland wol 60.000 besikers

05 feb 2005 - 12:42

De organisaasje fan de wettersportbeurs Boot Holland yn it FEC yn Ljouwert hopet 60.000 besikers te lûken. De beurs fynt oant en mei woansdei plak. Der binne sa'n 340 standhâlders.

De organisaasje fan Boot Holland wol de grutste wettersportbeurs fan Nederlân wurde wat it tal besikers oanbelanget. No is dat de Hiswa-wettersportbeurs yn Amsterdam, mei sa'n 70.000 besikers. Ferline jier kaamen der 55.000 minsken nei Ljouwert foar Boot Holland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)