Alvestêdefartocht net nei Sleat

© Omrop Fryslân
De Alvestêdetocht foar boaten en kano's leit foar it earst yn 60 jier net oan yn Sleat. De kommisje Fryske Alvestêdewike is min te sprekken oer de gastfrijens dêr en giet no nei Drylts.
De kommisje fynt de tarieven fan de jachthaven fan Sleat te heech en is teloarsteld dat de middenstân de foarige kear net meiwurkje woe. De gemeente Gaasterlân-Sleat seit alles dien te ha om de Alvestêdefartocht goed ferrinne te litten.