Tryater ferheget tagongskaartsje

© Omrop Fryslân
Tryater spilet takom seizoen in stik oer de teloargong fan in Frysk doarp op it plattelân. De oare reisfoarstelling is in famyljedrama. Fierder komt it teaterselskip mei in foarstelling foar it ûnderwiis mei as tema it groepsproses by jongeren.
Om it finansjeel rûn te krijen, ferheget Tryater mei twa euro de prizen fan de tagongskaartsjes. De provinsje hat ekstra stipe jûn om it tekoart op de begrutting fuort te wurkjen.