Kramer dochs nei WK junioaren

04 feb 2005 - 09:29

Sven Kramer docht dochs mei oan it wrâldkampioenskip reedriden foar junioaren. Dat wurdt oer twa wiken holden yn Finlân. Kramer hie earder sein dat er it WK junioaren sjitte litte soe. Hy woe meidwaan oan de Wrâldbeker-finales op it Hearrenfean. De toernoaien wurde tagelyk holden.

Kramer hat foar de junioaren keazen, om't er syn tiid as junior goed ôfslúte wol. Kramer kin him no net pleatse foar de WK ôfstannen yn Inzell.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)