Boubedriuw bewurket polityk

03 feb 2005 - 18:15

Boubedriuw Burggraaff yn Ljouwert besiket fia de polityk fan Frjenstjerteradiel tastimming te krijen foar de bou fan maksimaal 150 wenten yn Frjentsjer. Boargemaster en wethâlders binne tsjin en Burggraaff besiket no de gemeenteried foar it plan te winnen.

Om de bouplannen út te fieren moat in tal sportfoarsjennings yn Frjentsjer ferhúzje. Burggraaff hat de gemeente 3 miljoen euro tasein at de plannen trochgeane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)