SP yn aksje tsjin komst skûtels

© Omrop Fryslân
De wurkgroep Klein Duimpje fiert aksje tsjin de komst fan 13 skûtels nei Boerum. Neffens de wurkgroep, besteande út leden fan de SP út noardeast-Fryslân en Noard-Grinslân, binne in grut tal minsken yn Boerum tsjin de skûtels. Dy binne bedoeld om it telefoanferkear fan terroristen ôf te lusterjen.
De wurkgroep hat op 270 adressen yn en om Boerum in enkêteformulier ferspraad. Op 50 dêrfan joegen ynwenners oan beswieren te hawwen tsjin de skûtels.