Bentex werom by Ter Stal

© Omrop Fryslân
It fallite kleankonsern Bentex is opnij oernommen troch brânsj-genoat Ter Stal út Almelo. Ferline jier kocht it bedriuw Bentex ek al, mar doe't it de 6 miljoen skuld seach, ferkocht it it wer troch. Bentex is no alle skulden kwyt en dêrom wol Ter Stal it wol werom hawwe.
De ûndernimmingsried fan Bentex seit dat fjirtich fan de 55 winkels iepen bliuwe. Fan 'e fjouwerhûndert wurknimmers hâlde 240 harren baan.