Nije wenten yn Sint Jabik

03 feb 2005 - 07:12

Op it gemeentehûs fan Sint Anne binne woansdei offisjeel de ôfspraken ûndertekene oer de wentebou oan de Van Wijngaardenstraat yn Sint Jabik. Oan de bouplannen is jierrenlang wurke.

De nije huzen komme oan de noardkant fan it doarp. Foardat der út ein set wurde kin, moat earst de grûn skjinmakke wurde. Noch dit jier moat dat klear wêze. Dernei komme der earst seis hûzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)