Opnij sykaksje yn PM-kanaal

03 feb 2005 - 07:09

De plysje hat woansdei yn it Prinses Magrietkanaal wer fierder socht nei in automobilist dy't trije wike ferlyn syn auto op de brêge oer it kanaal achterlitten hat. Doe't de auto fan de man fûn waard, is mei speurhûnen op it wetter socht.

Nei't de hûnen in bepaald punt oanjûn hiene is wiidweidich drêge troch de brânwacht en provinsjale wettersteat. Omdat dy sykaksjes neat opsmiten ha hat de plysje it op oare plakken besocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)