Schuiteman oanfierder by Cambuur

03 feb 2005 - 00:00

Bernard_Schuiteman is tongersdei oanfierder fan Cambuur. Hy ferfangt Koen_Brack, want dy is skorst nei fjouwer giele kaarten en kin tsjin Top_Oss net meidwaan. Fanwege karnaval is de wedstriid op tongersdeitejûn.

Henk_van_Steeg stiet wer op it middenfjild. Hy spile yn oktober syn lêste wedstriid fanwege in swiere blessuere. Nije man Holwijn is noch net ynsetber, omdat syn oerskriuwing út Grikelân lang op him wachtsje lit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)