Ljouwert komt mei feiligensplan

© Omrop Fryslân
It sintrum fan Ljouwert moat befeilige wurde mei kamera's, fine B en W. Se hawwe in feiligheidsplan opsteld foar de kommende jierren. Dêr stiet yn hokker groepen oanpakt wurde moatte en hokker stedswiken ekstra omtinken fertsjinje. Foar de útfiering is 1,25 miljoen euro útlutsen.
De maatregels yn it plan binne benammen rjochte op minsken dy't faker de fout yn gean, en op de binnenstêd en de Frijheidswyk.