Ljouwert: gjin netwurkstatusjild

© Omrop Fryslân
Ljouwert rint mooglik miljoenen euro's mis foar de saneamde 'netwurkstatus'. De stêd krige dy status net, mar wol it jild dat dêrby heart. Lykwols, yn de Nota Romte stiet dat de ekstra Ryksstipe oan Ljouwert wol ferfalle kin. Dat soe it Ryk miljoenen skele.
Deputearre Andriesen besiket it jild feilich te stellen, want it giet noch om in foarstel. De ôfspraken binne noch makke troch boargemaster De Boer, deputearre Heldoorn en minister Pronk.