AZC's Wolvegea en Harns ticht

02 feb 2005 - 15:47

De asylsikers dy't wenje yn de asylsikerssintra yn Wolvegea en Harns moatte dêr dizze simmer út. De sintra yn de plakken geane ticht, omdat it tal asylsikers dat nei ús lân komt hieltyd lytser wurdt. Yn Wolvegea moatte 600 minsken ferhuzje, yn Harns 400.

Foar de bewenners wurdt ûnderdak socht yn oare sintra yn Nederlân. Oft alle asylsikerssintra yn Fryslân ticht gean is noch net dúdlik. Der waarden de ôfrûne tiid al mear sintra sletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)