Nijpels net iepen oer ynkomsten

© Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels snapt neat fan de diskusje oer de hichte fan syn nevenynkomsten. It wykblêd Elsevier meldt dat Nijpels 36.000 euro byfertsjinnet. Nijpels fynt, yn tsjinstelling ta de Twadde Keamer, dat bûtensteanders neat te krijen ha mei syn nevenynkomsten.
Neffens Nijpels moat allinne sjoen wurde oft in nevenfunskje net yn striid is mei syn wurk as kommissaris. Dêr soene no genôch mooglikheden foar wêze.