Stiens: winkellju betelje mei

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat de gemeente Ljouwerteradiel net allinnich op hoecht te draaien foar de kosten fan de wêrynrjochting fan it sintrum fan Stiens. Hast alle winkeleigners yn it sintrum binne ree om mei te beteljen oan de opknapbeurt.
De winkeleigners en oare bewenners fan it sintrum moatte 10 prosint fan it projekt betelje, sadat de gemeente ekstra subsydzje krijt. De totale wêrynrjochting kostet 1,5 miljoen euro.