Streupers betrape mei 30 kg fisk

© Omrop Fryslân
It fiskstreuperijteam Fryslân hat tiisdeitemoarn betiid op de Wite en Swarte Brekken by Snits twa snoekbearsstreupers oanhâlden. It giet om twa manlju fan 28 en 32 jier út Snits. Se binne op 'e die betrape mei seishûnderd meter net en 30 kilo snoekbears. De twa fertochten binne bekenden fan 'e plysje.
De fisk sil ferkocht wurde fia de fiskôfslach. It net en de boat mei bûtenboardmotor is yn beslach nommen.