'Omrop-tv ynsette by kalamiteit'

01 feb 2005 - 17:53

It is in goed idee om de regionale televyzje in rol te jaan by rampen of kalamiteiten. Dat seit direkteur Pim Gaanderse fan Omrop Fryslân.

It advys komt fan in spesjale kommisje ûnder lieding fan boargemaster Helmer Koetje fan Twenterand. De kommisje hat besjoen wat de rol is fan regionale omroppen by rampen. Neffens Gaanderse moat der wol foarsjennings komme foar de televyzje om de rol as rampestjoerder wier te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)