Fargeul nei Skylge útbaggere

01 feb 2005 - 15:53

Rykswettersteat lit op dit stuit dielen fan de fargeul fan Harns nei Skylge útbaggerje. Dat is nedich omdat de fearboat nei it eilân ferline wike in tal kearen de boaiem rekke hat. Snein moast de tsjinstregeling oanpast wurde om foar te kommen dat de boat fêst rûn.

De ûndjippe plakken binne neffens Rykswettersteat ûntstien troch de súdweste wyn, dêr't we yn jannewaris mei te krijen hiene. It probleem moat ein dizze wike oplost wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)