'Helderheid oer stipe Te Plak'

© Omrop Fryslân
De provinsje moat dúdlikens jaan oer de finansiering fan putsjetsjinst Te Plak. Dat wol de steatefraksje fan de VVD. Dy is al langer kritysk oer de stipe fan de provinsje oan Te Plak. De provinsje stipet de servicetsjinst mei goed oardel ton. De ûndernimmersferiening fan Wommels fynt dat dêrtroch konkurrinsjeferfalsking plakfynt.
De VVD-steatefraksje sil woansdei fragen stelle oan deputearre steaten oer de finansiering fan Te Plak.