Omrop Fryslân best beharke

01 feb 2005 - 10:31

Omrop Fryslân Radio is fierwei de best beharke stjoerder fan Fryslân. De omrop helle yn 2004 in merkoandiel fan 26,1%, in groei fan 2,5%. De stjoerder lit dêrmei oare stasjons lykas Radio 538 (14%) en Sky Radio (11,2%) fier achter him. It best beharke programma is Omrop Fryslân Aktueel.

De groei fan it merkoandiel is opfallend, omdat oare regionale stjoerders (Freez FM, Waterstad FM en Rebecca) ek yn de lift sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)