Heger berop yn skuonpoetserssaak

01 feb 2005 - 08:26

De man dy't feroardield is foar diskriminaasje fan in man fan Indiase komôf, giet yn heger berop. De feroardielde hie tsjin de oare man sein: "Hé zwarte schoenpoetser, poets mijn schoenen eens". De rjochter joech him dêr 400 euro boete foar.

De man ûntkent dat er de man 'swarte skuonpoetser' neamd hat. Hij soe de man gewoan frege ha syn skuon te himmeljen. It gie om in kollega fan him. It heger berop tsjinnet yn july yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)