Famylje ferdronken jonge útset

01 feb 2005 - 07:10

De famylje fan in ferdronken asylsiker út Appelskea moat binnen twa wike it lân ut. In 16-jierrige bewenner fan it AZC ferdronk yn july 2004 yn de Kanadamar. Hy is yn Fryslân begroeven.

Freonen fine dêrom dat de famylje hjir bliuwe moat. Se ha 5600 hantekenings sammele, dy't se nije wike oanbiede oan Twadde-Keamerleden. Minister Verdonk wol de famylje it lân útsette om't Angola wer feilich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)