Blauwe Golf ticht fanwegen wurk

01 feb 2005 - 07:06

Swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is fan moandei oant tongersdei ticht fanwegen grut ûnderhâld. It wedstrydbad en de oare twa baden binne wol iepen.

De oanstjoeringskasten foar golven en bubbels wurde ferfongen. Ek wurdt de swimbadrâne goed skjinmakke en foegen wurde hersteld. Boppedat wurde de lampen skjinmakke. De wurksumheden moatte in ein meitsje oan de technyske problemen yn de Blauwe Golf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)