Tweintich tips oer moard

01 feb 2005 - 06:13

De plysje hat sa'n tweintich tips krigen oer de fermoarde Wolvegeaster. Om noch mear ynformaasje te krijen komt de saak moandei yn Opsporing Verzocht.

Der wurkje yntusken 35 man oan de saak. Dizze ekstra mankracht is helle út Drinte om't Fryske resjersjeurs it te drok ha mei oare moardsaken. Dit jier binne al trije minsken fermoarde yn Fryslân. De plysje hat it sa drok mei de saken dat de lytse kriminaliteit foarearst gjin foarrang hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)