'Te Plak yn Wommels moat ticht'

31 jan 2005 - 15:55

De provinsje docht oan konkurrinsje- ferfalsking. Mei dy beskuldiging komt de Wommelser ûndernimmersferiening. Yn it doarp is sûnt koart in festiging fan Te Plak, in organisaasje dy't mei stipe fan de provinsje tsjinsten oanbiedt oan partikulieren.

Neffens de ûndernimmers docht Te Plak dat mei tariven dy't folle leger lizze as dy fan kommersjele bedriuwen. As de provinsje Te Plak net slút, wurdt de NMa ynskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)