Ernst ferliest lêste ronde Corus

© Omrop Fryslân
Skaker Sipke Ernst hat snein yn de lêste ronde fan it Corus-toernoai yn Wijk aan Zee ferlern fan de Deen Nielsen. Sneon spile er remise tsjin de Russyske Kostenjoek.
Sipke Ernst spilet mei yn de B-groep en hat yn totaal fiif punten helle. It toernoai bestiet út trettjin ronden. Yn de B-groep spilen 14 spilers mei. Ferline jier promovearre de skaker út Damwâld fan de C- nei de B-groep.