Alternatyf foar Sintrale As

Website decentraleas.nl © decentraleas.nl
Fiif âld-steateleden besykje mei in boargerinisjatyf de oanlis fan de Sintrale As wer op de aginda fan provinsjale steaten te krijen. Se binne it net iens mei de oanlis sa't dy no útfierd wurdt. Neffens har kin de dyk ienfâldiger, sadat der minder jild nedich is en minder skea oan de natuer oanbrocht wurdt. Om it punt op de aginda te krijen, moatte 1500 hantekens fan sympatisanten ynlevere wurde. De âld-steateleden, dy't har feriene ha ûnder de namme BetterAs, besykje dy hantekens de kommende tiid by elkoar te krijen.
De fiif âld-steateliden binne Jelle Arjaans, Douwe Bylsma, Frâns Kuipers, Hannah Ludwig en Willem Verf.