Gjin sweeftrein mar stoomtrein

31 jan 2005 - 12:42

By de nije oanbesteging fan de treinen yn Grinslân en Fryslân wurdt rekken hâlden mei de komst fan in stoomtrein yn Fryslân. De trein soe ride moatte op it trajekt Snits-Starum. Ferfiersbedriuw NoordNed stiet net negatyf tsjin de komst fan in stoomtrein oer, sa seit de wurdfierder.

Ofrûne wykein ride der in stoomtrein tusken Snits en Hylpen. Dat wie fanwege de iepening fan it nije modelspoarmuseum yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)