Identiteit betize man bekend

© Omrop Fryslân
De identiteit fan de man dy't him ôfrûne wykein by soarchsintrum Abbingahiem yn Ljouwert melde, is fêststeld. It giet om in 74-jierrige man út Bussum. Hy frege om in keamer yn Abbingahiem. Hy fertelde dat er út Purmerend fuortgien wie, mar koe neat fertelle oer syn identiteit. Nei't de plysje syn foto ferspraat hat is er herkend op de kabelkrante. Der sil no besjoen wurde oft de man weromkin nei syn pensjon yn Bussum.