Flyers winne mei 5-0

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe snein mei 5-0 fan de Belgyske Leuven Chiefs wûn. It wie in wedstriid foar de 'Coupe der Lage Landen'. De Flyers steane no op it twadde plak yn de striid om dizze bokaal.
It wie in minne wedstriid tsjin in swakke tsjinstanner. De oanfallers fan de Flyers wiene net skerp genôch. Twa fan de fiif goals binne dan ek makke troch ferdigeners. Der wie gjin inkelde spiler dy't op de strafbank sitten hat.