WB: Nijenhuis wint 1500 meter

© Omrop Fryslân
Beorn Nijenhuis hat snein yn Baselga di Pine in wrâldbekersege helle. De TVM-rider klokte op de 1500 meter in tiid fan 1.48,84. Dat is in baanrekord. Even Wetten út Noarwegen waard ferrassend twadde (1.49,07). It brûns gong nei sprintwrâldkampioen Erben Wennemars. Syn tiid wie 1.49,89.
Mark Tuitert einige as sechde yn 1.50,28. Ralf van der Rijst hie 1.51,42 foar de ôfstân nedich. Simon Kuipers gong nei 1.53,45 oer de einstreek.